FAKÂNSJEHÛS YN FRANKRYK.

Wolkom yn Frankryk

 

 

Wolkom op ’e  website fan de Famylje. Komrij.

Wy binne  de gelokkige besitters fan in  fakânsjehûs (5 Pers.)  yn Frankryk. (Bretagne).

It leit lanlik en  yn  in   rêstige omjouwing mar wol op koarte ôfstân fan it doarp Briec de l'Odet (4,5 KM) en de stêd Quimper. (8 KM). Hjir yn Bretagne dêr’t it  toerisme noch yn opkomst is kin jo fakânsje in echte boppeslach wurde.  It  fakânsjehûs is  it  hiele jier troch te hier foar eltsenien  dy ‘t graach op fakânsje nei  Frankryk wol. Hjir wolle jo no fêst  wol wat mear fan witte !

  

Locatie op GoogleEarth :+48° 4' 20.30", -4° 1' 55.74"
 

 Besykers Oantal: Hit Counter 

 It hús is boud yn 1949 gewoan as wenhûs en letter as byskuorre en opslachromte foar de buorkerij yn gebrûk nommen.  Nei’t wy it hûs tegearre mei in hoeke lân kocht hiene, ha wy it hiele ynterieur der útbrutsen en alles fernijd fanôf de flier oan ’t de nok ta. Alle kezinen en ramen (met dûbel glês)  en doarren binne ferfongen. De elektryske ynstallaasje fernijd en alle muorren en it dak isolearre. Oan de efterkant fan it hús is in bykeuken  oanboud en dêr sit ek alle sanitêr yn, de wc, de dûs en sa, mar ek de waskmasine, droeger, stofsûger en de garderôbe binne dêr.

Yn de wenkeamer is de iepen hurd ferfongen troch in gesellige hout kachel (zg. Poele). Hjir yn dizze smûke en gaadlike romte stean de radio mei  cd spiler, televyzje mei ûntfangst fia de satellyt, it bankstel, de salontafel in grutte kast en wat dêr fierder allegearre mear nedich is om in noflike tiid te hawwen. Fierder is hjir  de trep nei de souder. Under de trep is in kastromte foar fan alles en noch wat, mar foaral ek as bykommende opberch romte foar it ark út ‘t  keuken. De keuken sit by de keamer yn, it is dus in wenkeamer/keuken.

De flier is hielendal neibetegele (steryl en maklik skjin te meitsjen).  De ythoeke foar 5 persoanen is rjocht foar it oanrjocht oer.

  Klikke op ‘e knoppen dy ‘t derfoar ornearre binne of  op in foto èn sjoch efkes rûn  yn dit fakânsjeferbliuw. Mar ek bûten is fan alles te sjen: it terras, in boartersgreide foar de bern,  in lyts  stikje lân mei wat fee, in barbecue, in picknicktafel. En dan is der noch in grutte loads  mei tafeltennis, oar grut boartersguod, hout foar de kachel en plak foar  de auto. (ûnder dak). 

 

Ferienwohnung Finistère

         

U vindt ons ook via :  http://www.holiday-directly.com

mero di visator:        

 

 

VERANEO  Ein fân de side.VERANEO

Copyright © 2002  ESBE Drachten.  All rights reserved.  Last updated: 01-09-2010  Tel: 0031(0)512-842163

 

12. El uso electricidad no es incluido con la renta y allí para él es la factura del arrendatario. La cantidad endeudada también quiere aquí se establezca con un reembolso probable del dinero importante. Para el uso la madera que se ha usado para el hogar una compensación pequeña puede darse. El dinero importante que tiene que ser pagado con la llegada cuesta 250.00