Hjir sjogge jo it hurdstee mei de houtkachel yn de wenkeamer fan ús fakânsjehûs. In tige gesellich plakje dêr’t jo josels al hielendal ûntspanne kinne mei wat te lêzen, nei de tillevyzje of de fideo te sjen of te harkjen nei jo favorite musyk. Ek in noflik plakje om in gleske wyn te drinken of in lyts slokje te brûken.
Yn dizze keamer is ek in royale ythoek dêr’t seis minsken oanskowe
kinne.
De sithoeke bestiet út in 2,5 en in 2 sits bank mei noch in pear stuollen en in salontafel.
Fanút de wenkeamer kin men troch nei de bykeuken en dèr is ek de sanitaire romte mei de does , wc waskmasine droeger en soks wat mear.
Fia de trep nei boppen kinne jo 3 moaie sliepkeamers fine.
Alles wat nedich is om in moaie fakânsje te hawwen is yn ús húske te finen. Wy binne der wis fan dat gjinien him ferfele sil of him deroan stoare sil om’t it net kompleet wêze soe; In echt fakânsjehûs.
Fakânsjehûs Frankryk"Ti coz kaourintine"
|
VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK De ein fan de side VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK VAKANTIEHUIS FRANKRIJK Copyright © 2002 ESBE Drachten. Alle rechten voorbehouden. Laatst bijgewerkt: 15-06-2011 |